Test
Download document

BRETELER, Gerrit



Lit ús dêrom drinke


Foar alles is in oere,

foar alles is in tiid.

Alles giet nei 't selde plak,

mei as sûnder striid.


Der is in tiid fan laitsjen

en dy tiid is samar om.

In tiid om te fergriemen.

Dy krijst’ nea wer werom.


Alles is sa brekber.

Alles ûnfolslein.

Tûzen wurden sprutsen

en dêr is neat mei sein.


Tútsje mei de mûle,

want leafde is as wyn.

Dyn treast en ek dyn pine,

der earne tusken yn.


Lûd balte de dwazen,

want har wierheid makket frij.

Mar wat al te maklik wûn is,

is like gau wer wei.


Lit ús dêrom drinke,

want de dei lûkt nei de jûn.

En de leafde wurdt grif earder,

as de wierheid fûn.


In libben sûnder wiisheid

is in libben sûnder ljocht.

In libben sûnder leafde

is in libben om ’e nocht.


Lit ús dêrom tinke,

no't it winter wurdt en kâld.

Lit ús dêrom drinke,

foar wat frede yn ’e wrâld.


Alles is sa brekber.

Alles ûnfolslein.

Tûzen wurden sprutsen

en dêr is neat mei sein.


Treastigje mei wurden,

kear de kâlde wyn.

Hoedzje ús foar fallen,

tsjin better witten yn.


Laten we daarom drinken

Voor alles is een uur,

voor alles is een tijd.

Alles naar dezelfde plek,

met of zonder strijd.


Er is een tijd van lachen

en die tijd die is zo om.

Een tijd om te verknoeien,

die krijg je nooit weerom.


Alles is zo breekbaar.

Alles onvolkomen.

Duizend woorden spreken

en hebben niets gezegd.


Kus met de mond,

want liefde is als wijn.

Je troost en ook je pijn,

ergens tussenin.


Luid roepen de dwazen,

want hun waarheid bevrijdt.

Maar wat je makkelijk verkreeg,

Ben je gauw weer kwijt.


Laten we daarom drinken,

want de dag glijdt naar de avond.

En liefde wordt veel eerder

dan de waarheid gevonden.


Een leven zonder wijsheid

is een leven zonder licht.

Een leven zonder liefde

is een leven om niet.


Laten we daaraan denken,

nu het winter wordt en koud.

Laten we daarom drinken,

voor wat vrede in de wereld.


Alles is zo breekbaar.

Alles onvolkomen.

Duizend woorden spreken

en hebben niets gezegd.


Troost met woorden,

keer de koude wind.

Hoed ons voor het vallen,

tegen beter weten in.