Test
Download document

HETTINGA, Tsjêbbe



It faderpaard
…..
Fannacht sil it foar ivich nacht wêze, no't in maitiid

Yn de broaze spegels fan it oantinken it ljocht ûntfalt

En eagen brekke yn in holle, yn in wynstille

Pleats, dêr't, in bline planeet allyk, in siel yn omslingeren

Dy't de doarren tichtklapt fynt, finsters mei hynstehûden

Blynkape; bientige fingers, dy't rikke nei in fjild fol

Bloedreade soerstâlen, betaaste it tsjustere stof

Fan fermôge hoannebalken op de lêste grissels fan

It ljocht; en ûnder 'e pannen mei de deade fûgels

Kreaket, stiller as de spinnen yn har webben fan inket,

In byntwurk dat syn grûn fynt yn in seesâlte ierde .
…..



…..
Vannacht zal het voor eeuwig nacht zijn, nu een lente in

De broze spiegels van het aandenken het licht ontvalt en

Ogen breken in een hoofd, in een windstille hoeve,

Waarin, een blinde planeet gelijk, een ziel rondslingert die

De deuren dichtgeklapt vindt, vensters met paardehuiden

Geblindeerd; knokige vingers, die reiken naar een veld vol

Bloedend rode zuring, betasten het duistere stof

Van vermolmde hanebalken op de laatste korrels van

Het licht; en onder de pannen met de dode vogels

Kraakt en kreunt, stiller dan de spinnen in hun webben van inkt,

Een bintwerk dat zijn grond vindt in een zeezoute aarde.
…..

Vertaling Benno BARNARD & Tsjêbbe HETTINGA





Frjemde kusten


Oan swarte stielkabels hawwe de bokken

De nacht boppe see en haven úttakele.

De gjalpen fan seefûgels, op it wetter

Yn 'e slomme, binne oernommen troch fammen

Dy't op hichte havenjonges befleane.

De wyn, dy't sâlt en frjemde tongslaggen ynhat,

Sylt plichtmjittich as in parlefinker troch

De wetterstrjitten fan 'e stêd, de kaaien del

Dêr't de houdini's fan de grutte feart fluch

De boeien fan de lange dining ôfdogge.

De stegen troch nei dearin'de herten, om

Lichtsinnich oan 'e swier te gean mei roken fan

Lavendel, lear, knyflok, tabak, benzine.

De drokke kaaien en de wurge neisimmer.

De bokken en de mokkels fine elkoar

Net: sykjend in seeman, dy't noch lânrôt is. Ik.

…..
Oerenlang doal ik troch it havenkertier.

Drink yn'e dokkroegen: ûnder de dekmantel

Fan nacht en neon befarre rossige

Froulju de koaien fan it wrakke skip De Wrâld

(Mei poaiers oan 'e pompen dy't de triennen

Eazje). De útholjende boat fan 'e moanne

Besylt koel de súdlike kontininten,

Dy't op 'e wetterkaarten fan myn oantinken

Skatten krúst ha mei de nammen fan havens,

Mei de kielen fan kriezjende seefûgels, mei

De grize eagen fan in oerstutsen mem.

Ja, alle havens lykje op inoar, wit ik,

En, lyksa, de sulverrôvjende froulju.

Kom leave, ropt ien. Dat sizze se allegear,

Oeral. Nee,thús wol ik wêze, al is 't mar

Foar in nacht, en svkjend slaan ik de taxi’s acht

.


Vreemde kusten


Aan zwarte staalkabels hebben de bokken

De nacht boven zee en haven uitgetakeld.

De kreten van zeevogels, op het water

Dommelend, zijn overgenomen door meisjes

Die hoogkeels op havenjongens afvliegen.

De wind, met zout en vreemde talen geladen,

Zeilt plichtmatig als een parlevinker door

De waterstraten van de stad, de kaaien langs

Waar de houdini's van de grote vaart vlug

De boeien van de lange deining afdoen, en

Door stegen, naar doodlopende harten, om

Lichtzinnig aan de zwier te gaan met geuren van

Lavendel, leer, knoflook, tabak, benzine.

De drukke kaaien en de moede nazomer,

De bokken en de mokkels vinden elkaar

Niet: er zoekt een zeeman, die nog landrot is. Ik.

…..
Urenlang dool ik door het havenkwartier,

Drink in de dokkroegen: onder de dekmantel

Van nacht en neon varen rosse vrouwen

In de kooien van het wrakke schip De Wereld

(Met pooiers aan de pompen die de tranen

Hozen). De uitgeholde boot der maan bezeilt

Zo koel de zuidelijke continenten,

Die op de waterkaarten van mijn aandenken

Schatten hebben aangekruist met de namen

Van havens, krijsende zeevogels, de grijze

Ogen van een overgestoken moeder.

Ja, alle havens lijken op elkaar, weet ik,

En, net zo, de zilverrovende vrouwen.

Kom lief, roept er een. Dat zeggen ze allemaal,

Overal. Nee, thuis wil ik zijn, al is het

Maar een nacht, en zoekend wacht ik op een taxi.