Test
Download document

WADMAN, Anne



De smearlappen

…..
Master Boar en de oaren

Us heit hat altyd sein dat ik de snoadste net bin, en dat kin bêst wier wêze. In poarsje dingen dy't om sa te sizzen foar 't gripen lizze en dy't oare lju samar oanwaaie, haw ik noait begripe kinnen. Jildsaken, polityk, elektryske apparaten, om mar in pear te neamen. Myn skoallegean wie gjin sukses, dàt haw ik wòl begrepen. Ik wie gewoan en by definysje de domste fan 'e klasse. By de juffer, dy't in fitse, skrale en soere dame wie, sa'n ien mei in ynkristlik sipeltsje yn 'e nekke en fan foaren like plat as fan efteren, mei breidene hoazzen en de jurken ticht oan it kin ta, haw ik it altyd yn 'e kant set - de helte fan 'e tiid yn 'e hoeke stean, rigels skriuwe, oarberns breidzjen út 'e tiis helje, potleadslypsel byinoarfeie en alles wat de pedagogen út earder ieuwen oan fernimstichs en goeds útbret hawwe. En by master Boar, dy senuwlijer mei syn spitse noas en syn loerderige eachjes efter syn flûnkerjende brilleglêzen, wie 't gjin spoen better, foaral net yn dy lêste jierren doe't er syn hannen net thúshâlde koe en altyd oan my siet as ik neibliuwe moast - en dat kaam noch alris foar, foar straf of, saneamd, om wat yn te heljen.

Foar rekkenjen hie ik net de minste oanlis en foar

…..